<?xml version="1.0" encoding="utf-8"?>
<document>
<s id="1">Hy stifte ûnder oaren de dûnsjende derwisjen, in soefy-oarder fan religieuze dûnsers en muzikanten.</s>
<s id="2">Fral yn it tiidrek 1845-1872 hawwe in soad konflikten west dy't mei-inoar oantsjut wurde as de Nij Seelânkriich.</s>
<s id="3">Nei in besite fan Adolf Eichmann oan Mauthausen kaam der yn 1944 ek in tranport mei Hongaarske joaden út Auschwitz; it wie de earste groep dy't út Auschwitz evakuearre wurde moast fanwegen it naderjende Reade Leger.</s>
<s id="4">Fan de 31 kolleezjes, binne der 3 dy't allinne froulju talitte en twa dy't allinne postgraduate-studinten oannimme, m.o.w. op masters- of doktoraatsnivo.</s>
<s id="5">Laura har earste grutte súkses hie hja op de Parysk salon fan 1873.</s>
<s id="6">Hja hawwe by de Opstalbeam gearkomste fan 29 maaie 2007 harren sels presintearre as politike partij.</s>
<s id="7">De Grutte Tsjerkestrjitte is in strjitte yn de binnenstêd fan Snits.</s>
<s id="8">De duvel heart dat en ferskynt har yn it stal fan in Moenen, dy't har ûnthjit om har alle talen en sân frije keunsten te learen, mar net swarte magy.</s>
<s id="9">Yn 307 waard har stam ferslein troch Konstantyn.</s>
<s id="10">Buma is in Nederlânsk patrysjerslaach ôfkomstich út Fryslân, lykwols net allegearre fan deselde stam.</s>
<s id="11">Fanâlds is de seestrjitte fan grut balang foar de skipfeart west, benammen yn it tiidrek doe't it foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy de poarte nei de Speserije-eilannen en havens fan Java wie (1602-1799).</s>
<s id="12">Foar Private wurke MoniKat ferskate kearen gear mei de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, û.o. yn 'e films The Tower 1 en 2, beide út 1995.</s>
<s id="13">2:4 : "Want út swiere benearing en in benaud herte haw ik, mei gâns triennen, jimme skreaun.</s>
<s id="14">Sa begûn it tiidrek fan it Britske Rāj (in Hindy-wurd foar "regear"), dat hast njoggentich jier duorje soe, fan 1858 oant 1947.</s>
<s id="15">Mar it hiele binnenlânske ferset stie as ien man efter De Gaulle.</s>
<s id="16">By flaters yn de seldieling fan geslachtssellen (meioaze) kinne ôfwikende tallen gromosomen yn sellen telâne komme.</s>
<s id="17">Dat hat laat ta ynteraksje, soms publyklik, mei sporters.</s>
<s id="18">Fan 'e Haniasteech ôf komme dy oan 'e súdkant allegear út op it Ruterskertier, dat parallel oan 'e Nijstêd rint.</s>
<s id="19">Yn 'e sprektaal wurdt yn guon talen rôze yn ferbân brocht mei it froulik geslachtsdiel.</s>
<s id="20">Ek dit klokkespul wie net nei't sin.</s>
<s id="21">Al-Nimr sette yn it tichthûs útein mei in hongerstaking, en liek martele te wêzen.</s>
<s id="22">Nei 1950 kamen der wenwiken oan de súdkant fan de Midstrjitte en tusken 1970-1985 oan de noardkant.</s>
<s id="23">Neitiid fertsjinne er syn lean mei it ynsprekken fan reklamespotsjes foar radio en tillefyzje.</s>
<s id="24">(Om in foarbyld te jaan: it wie selden in probleem om mei de taalfakken op nivo C troch te streamen nei in technyske oplieding.)</s>
<s id="25">Alle plannen rûnen lykwols op 'e non doe't Margareta ûnder har oertocht fan Noarwegen nei Skotlân sa seesiik waard dat se der op 26 septimber 1290 te St. Margaret's Hope, op 'e Orkney-eilannen, oan kaam te ferstjerren.</s>
<s id="26">De bestjoerlike ienheid bleau, en troch it ferbod fan it brief om stiennen huzen te bouwen, wie der net in kâns om lokale hearskippijen te foarmjen.</s>
<s id="27">Tusken 1754 en 1763 fochten de Britten en de Frânsen û.m. yn Fermont de Frânske en Yndiaanske Oarloch út, it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch yn Jeropa.</s>
<s id="28">De wyk wurdt oan de eastkant begrinze troch de Slachtedyk/Griene Dyk, oan de súdkant troch de Hurddraversdyk, Sewei en de Koaileane en oan de westside de oan de râne fan natoergebiet De Famberhorst de Jonkersfeart.</s>
<s id="29">In stamhaad mei in legere status as oare stamhaden fan syn etnyske groep wurdt yn 'e regel omskreaun as in haadman (of haadfrou).</s>
<s id="30">Josef Stalin sels wenne yn 1901 in skoftke yn de havenstêd om stakings te organisearjen.</s>
<s id="31">Hjoed de dei is Ghat in bekend toeristesintrum foar lju dy't nei it tichteby lizzende Akakus-berchtme yn de Tadrart Acacus-woastyn wolle.</s>
<s id="32">Yn it strakke kalvinisme wie earetsjinst in tsjinst fan It Wurd.</s>
<s id="33">Alfred de Grutte (848-899), kening fan it Ingelske Wesseks, ferkundige foar it earst de gedachten oer in evenredige etmelferdieling.</s>
<s id="34">Yn eardere tiden, foar it oanlizzen fan de Ofslútdyk riisde it as in echt klif rûch op oan de westkant fan de Sudersee.</s>
<s id="35">Dêrmei hawwe boeken fan likernôch 2.200 siden in dikte fan twa sm.</s>
<s id="36">Van den Helm wie letter lieder fan de KP Fryslân oant july 1944.</s>
<s id="37">Yn 'e ruïne fan 'e fjoertoer hawwe Nicodemus-en-dy Ivy neaken en keal skeard fêstset yn ien fan 'e meast yngewikkelde betsjoenings dy't Harry ea sjoen hat.</s>
<s id="38">Sy wie doe al wer by Nils Leander wei.</s>
<s id="39">Op it mêd fan taal wurdt de befolking fan 'e provinsje oer it algemien yn trije groepen ferdield: de Frânsktaligen of Kebekanen (78%); de Ingelsktaligen of Angelsaksyske Kebekanen (7,7%); en de oarstaligen (14,3%).</s>
<s id="40">De Dogrib, of yn harren eigen taal Thlingchadinne, fan noardwestlik Kanada, kamen oan har Ingelske namme, letterlik "Hûneribbe", troch har skeppingsmyte, dy't ferhellet hoe't de earste minske skepen waard út 'e ribbe fan in hûn.</s>
<s id="41">Fan 1986 oant 1993 wied er dêrnjonken lid fan it Nasjonaal Demokratysk Ynstitút foar Ynternasjonale Saken, yn hokker hoedanichheid oft er diplomatike súksessen behelle yn Poalen en Hongarije.</s>
<s id="42">Nei in reorganisaasje gie de GEV op in bredere protestants-kristlike basis fierder as de Kristlike Emigraasje Sintrale (CEC) sûnt 5 febrewaris 1938.</s>
<s id="43">Dat betsjutte kommer en lijen foar de yn it rom fan it skip opsletten emigranten.</s>
<s id="44">Wilson waard omtrint 1813 berne yn it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika, wierskynlik yn 'e Amerikaanske steat Michigan of Ohio.</s>
<s id="45">It Skieringer ferset wie brutsen en sy wiene ree frede te sluten mei de oerwinners.</s>
<s id="46">Somtiids wurdt it synonym boumaster noch wol brûkt, bygelyks as de "Flaams Boumaster" dy't de oerheid advisearret by bouprojekten; in Nederlân hjit dizze funksjonaris "Ryksboumaster" Fierders binne der tún- en lânskipsarsjitekten en ynterieurarsjitekten.</s>
<s id="47">Hy liet in legaat achter om fierder te wurkjen oan de katedraal.</s>
<s id="48">Hoewol't de Blauwe Nyl der ek wol ris foar soarge dat de Nyl oerstreamde, is er benammen de drain foar wetter.</s>
<s id="49">Yn Meppel giet it Meppelerdjip oer yn de Drintske Haadfeart en Hoogeveense Vaart.</s>
<s id="50">It blêd ferskynt yn prinsipe ien kear yn 'e fjirtjin dagen, hoewol't yn 'e simmer inkele nûmers ien kear yn 'e trije wiken ferskine.</s>
<s id="51">Under de gaoatyske lêste helte fan 'e earste iuw f.Kr. wie Sisero de lieder fan 'e partij dy't tsjin it tij fan boargeroarloggen en de diktatuer fan Julius Caesar yn de âlde republyk besocht te behâlden.</s>
<s id="52">De fjildmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet rûnom foarkomt.</s>
<s id="53">De term 'hidjaab' kin yn it Arabysk ek brûkt wurde om te ferwizen nei de ôfsûndering fan froulju fan manlju yn it iepenbiere libben, of der kin mei ferwiisd wurde nei de metafysyske diminsje: de wale tusken it libben en it hjirneimels dy't de minsken fan God skiedt.</s>
<s id="54">De Old Vic Company waard yn 1929 oprjochte en laat fan John Gielgud.</s>
<s id="55">It doarp ûntstie nei alle wierskyn om it krúspunt fan de Amersfoortsewei (no N237) en de âlde Postwei fan Amsterdam nei Arnhim.</s>
<s id="56">It gebiet leit tusken de subtropen yn it suden (10 graden noarderbreedte) en de Sahara yn it noarden (likernôch 23,5 graden noarderbreedte).</s>
<s id="57">Earder wie hy Twadde Keamerlid foar de PvdA.</s>
<s id="58">Dat wie sa likernôch de heale sterkte fan atoombom Little Boy dy't yn augustus 1946 boppe Hiroshima ôfsmiten waard.</s>
<s id="59">Hugh Hefner's dochter Christie Hefner is tsjintwurdich de direkteur fan Playboy.</s>
<s id="60">Nei Cardinael joegen Abraham de Graaff en Claes Hendricksz.</s>
<s id="61">De stammeried liet de gebouwen dêrnei ûntromje, sadat se sloopt wurde koene.</s>
<s id="62">Hja besieten almeast gjin rike besittings en wiene dus earder ôfhinklik fan de politike partij.</s>
<s id="63">De Antonov An-2 (Russysk: Ан-2, bynamme Annûska) (NAFO-koadenamme: Colt) is in fleanmasine dy't troch haadûntwerper Oleg Antonov ûntwurpen is.</s>
<s id="64">Yn dizze Valentinstagmassaker, Moarderij op Falentynsdei, waarden neffens boarnen sa'n 2000 oant 3000 Joaden yn it iepenbier op de brânsteapel ferbaarnd.</s>
<s id="65">Gjalt Wiegers van der Mei is yn 1888 yn Moarrewâld berne en dêr op 25 oktober 1938 ferstoarn.</s>
<s id="66">Yn it easten en noardeasten grinzet Sittard oan Dútslân, tichtby de gemeente Selfkant, en yn it westen oan de Maas, dy't de grins mei België foarmet.</s>
<s id="67">De manlju spillen twa omlopen mei in totaal fan fan 36 holes.</s>
<s id="68">In soad Koerden nimme de wyk nei Irak en Perzje.</s>
<s id="69">1992 - Slowakije nimt in grûnwet oan en sil op 1 jannewaris 1993 ûnôfhinklik wurde.</s>
<s id="70">Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Montana no fanwegen syn relatyf lytse befolking noch mar 1 sit (de twadde sit gie ferlern by de werferdieling fan 'e sitten op grûn fan 'e útkomsten fan 'e folkstelling fan 1990).</s>
<s id="71">The Mystery of Sasassa Valley, dat yn Súd-Afrika spilet, wie syn earste ferhaal dat publisearre waard, yn 1879.</s>
<s id="72">As man bea Shakespeare doedestiden net sa'n soad goede foarútsichten, mei't syn famylje finansjeel yn swierwaar kommen wie.</s>
<s id="73">De buert leit op de sânrêch yn it súdlik Westerkertier, dêr't ek Tolbert, Niebert en Nuis op lizze.</s>
<s id="74">It is it produkt fan it fuortplantingsproses dat plakfynt binnenyn de memmeplant; mei de foarming fan it sied wurdt dat proses yn siedplanten foltôge.</s>
<s id="75">Agdal groeide op yn it Deenske Hillerød, dat noardlik fan 'e haadstêd Kopenhagen op it eilân Seelân leit.</s>
<s id="76">As famyljenamme komt Wtsma en Uthsma yn relaasje ta Grou yn 1438 foar; as pleatsnamme Oetsma en Utsma yn 1640 en 1718.</s>
<s id="77">It geweld sette de earder sa fredige ferhâldings tusken de ferskate folken en religys foar langere tiid op skerp.</s>
<s id="78">De tsjerklike opbringsten wiene hjir mei anneks.</s>
<s id="79">De populariteit fan it ynstrumint sette troch oant de 19e iuw.</s>
<s id="80">De monuminten fan de stêd hearre sûnt 2002 ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.</s>
<s id="81">In burrito bestiet út in tortilla, meastal opfold mei beannen en fleis (meast gehak of hin, soms ek tsiis), en oprôle sadat de folling yn de tortilla sit.</s>
<s id="82">Omtrint fjouwer oere middeis berikten de beide Krieën de stellings fan it detasjemint fan Reno op in klif boppe de Delling fan 'e Little Bighorn.</s>
<s id="83">Yn totaal binne der 2 à 3 miljoen sprekkers, dêr ́t om-ende-by 430.000 yn Sina.</s>
<s id="84">It is it lêste oargel dat Henry Willis persoanlik boude.</s>
<s id="85">Op dat stuit wie Hippolytus noch jimmeroan tsjinpaus.</s>
<s id="86">Yn septimber 2006 naam Curtis har artystenamme oan en tekene se foar € 300.000,— in eksklusyf kontrakt foar trije jier mei Pierre Woodman Entertainment.</s>
<s id="87">Yn 'e regel kinne hotelgasten ek gebrûk meitsje fan in klúske foar de opslach fan kostberheden; sokke klúskes binne net yn 'e hotelkeamers sitewearre, mar ûnder yn it hotel, by de resepsje.</s>
<s id="88">Boppedat hienen de jerrycans in lekfrije skinktút.</s>
<s id="89">Ut syn twadde houlik krige er in dochter, Esther Blaaser.</s>
<s id="90">Tidens de Earste Wrâldkriich liede hy in laboratoarium.</s>
<s id="91">Formsma studearre skiednis aan de universiteit yn Amsterdam en de Ryksuniversiteit Grins.</s>
<s id="92">It oargel fan de tsjerke waard troch de oargelmakkerij Fama en Raadgever út Utert boud en op 27 maaie 1983 yn gebrûk nommen.</s>
<s id="93">Tsjin it begjin fan 'e skriftlike oerlevering fan 'e Westgermaanske talen, yn 'e rin fan 'e achtste iuw, hiene har yn elts gefal de ûnderskate Noardwestgermaanske talen al ûntwikkele.</s>
<s id="94">Op 19 maart 1638 waard Moreelse begroeven yn de Buertsjerke te Utert.</s>
<s id="95">Nei dy ferkiezings hie Dries Van Agt gjin nocht mear om noch langer troch te gean yn de polityk en hy luts him werom as kandidaat minister-presidint.</s>
<s id="96">De earste echte hit dêr't hja echt bekend mei wurden binne is Origineel Amsterdams.</s>
<s id="97">Stapleton wie in aktyf lid fan 'e Christian Science-tsjerke.</s>
<s id="98">Under lieding fan de arsjitekt R. Kijlstra út Beetstersweach fûn yn 1977 in restauraasje plak.</s>