Lalla Weiss (1961) is in Nederlânsk aktiviste en bestjoerster fan Roma-komôf, dy't har al in fearnsiuw ynset foar de rjochten fan 'e Sinty en Roma yn Nederlân.
Lalla Weiss (Best, 1961) is een Nederlandse activiste en bestuurder van Sintii-afkomst, die zich inzet voor de rechten van de Sinti en Roma in Nederland.


Weiss waard yn 1961 berne yn in wenweinkamp yn Noard-Brabân, as de dochter fan Hannes Weiss, in lieder fan 'e Sinty-subgroep fan 'e Roma.
Weiss werd in 1961 geboren in een woonwagenkamp in Best, als de dochter van Sintileider Hannes Weiss.

Nettsjinsteande de manljuskultuer mank de Roma en hoewol't hja al op har alfde fan skoalle gie, ûntjoech hja har ta ien fan 'e meast foaroansteande Roma-lieders yn Nederlân.
Ondanks de mannelijkheidscultuur van de Sinti en Roma en hoewel zij al op haar elfde van school ging, ontwikkelde zij zich tot een van de meest vooraanstaande Sint- en Romaleiders in Nederland.

Yn 1989 stie hja oan 'e widze fan 'e Lanlike Sinty Organisaasje (LSO), dy't fan 2005 ôf de Stifting Lanlike Sinty/Roma Organisaasje (LSRO) hiet.
In 1989 stond zij aan de wieg van de Landelijke Sinti Organisatie (LSO), die vanaf 2005 Stichting Landelijke Sinti/Roma Organisatie (LSRO, ook SLSRO) heette.

Dat wie in non-gûvernemintele organisaasje dy't opkaam foar de rjochten fan 'e Sinty en Roma yn Nederlân en fêstige wie yn Best.
Dat was een non-gouvernementele organisatie die opkwam voor de rechten van de Sinti en Roma in Nederland en gevestigd was in Best.

Lalla Weiss wie koördinatrise en die nei bûten ta it wurd.
Lalla Weiss was coördinator en woordvoerder.

De direkte oanlieding foar de oprjochting fan dizze belange-organisaasje wie dat de Roma yn Nederlân ein tachtiger jierren noch altyd gjin erkenning genoaten as oarlochstroffenen.
De directe aanleiding voor de oprichting van deze belangenorganisatie was dat de Sinti en Roma in Nederland na tachtig jaar nog altijd niet erkend waren als oorlogsgetroffenen.

Yn 1999 waard se einlings as sadanich erkend troch de regearing-Kok, wêrnei't harren by wize fan kompinsaasje yn 2000 ƒ30 miljoen taparte waard, dy't yn behear kaam fan 'e Stichting Rechtsherstel Sinti en Roma (SRSR) yn De Bosk (dy't sûnt 2009 de namme Nederlânsk Ynstitút Sinty en Roma draacht).
In 1999 werden zij eindelijk als zodanig erkend door de regering-Kok, en werd hun als compensatie in 2000 30 miljoen gulden toegewezen, die beheerd werd door de Stichting Rechtsherstel Sinti en Roma (SRSR) in Den Bosch (die sinds 2009 de naam Nederlans Instituut Sinti en Roma droeg).

Behalven mei it oarlochsferline sette de LSO him ek yn foar it ferbetterjen fan 'e relaasjes tusken de Sinty en Roma en de "gewoane" Nederlanners, en foar de yntegraasje fan 'e eardere nomaden yn 'e sedintêre Nederlânske maatskippij. Sa wist de organisaasje learplichtamtners yn Noard-Brabân te twingen om Roma-âlden te bekeuren as hja har bern net nei skoalle stjoerden, om't men soks earder ornaris gewurde mei as gefolch dat in grut part fan 'e Roma gjin oplieding krige en letter dus gjin wurk hie, wat ta alderhanne problemen en spannings late.
Behalve met het oorlogsverleden zette de LSO zich ook in voor het verbeteren van de relatie tussen de Sinti en Roma en de "gewone" Nederlanders, en voor de integratie van de vroegere nomaden in de sedentaire Nederlandse maatschappij. Zo wist de organisatie leerplichtambtnaren in Noord-Brabant te dwingen Roma-ouders te bekeuren als zij hun kinderen niet naar school stuurden.

It krewearjen fan 'e LSO waard yn 2001 bekroane mei de Geuzepenning, dy't útrikt waard troch prinsesse Margriet, mar it fan oerheidswegen tichtdraaien fan 'e subsydzjekraan late yn 2008 ta it opdoeken fan 'e organisaasje. Sûnt is Weiss de ûnoffisjele wurdfierster fan 'e fierders tige sletten Nederlânske Roma-mienskip, en dêrmei in ûnmisbere skeakel tusken har etnyske groep en de polityk.
Sinds de opheffing van de stichting in 2008 is Lalla Weiss de officieuze woordvoerder van de overigens zeer gesloten Nederlandse Roma- en Suintigemeenschap, en dus een onmisbare schakel tussen hun groep en de politiek.

Ek bûten Nederlân wurdt har saakkundichheid erkend; sa waard se yn 2007 útnûge om in kommisje fan it Jeropeesk Parlemint ta te sprekken.
Ook buiten Nederland wordt haar expertise erkend; ze werd in 2007 uitgenodigd een commissie van het Eeropees Parlement toe te spreken.

Fierders organisearre Weiss ek ferskate betinkingsreizen nei it konsintraasjekamp Auschwitz, dêr't yn 'e Twadde Wrâldoarloch hûnderten Nederlânske Roma troch de nazys fergast waarden.
Weiss organiseerde verschillende herdenkingsreizen naar het consintratiekamp Auschwitz, waar in de Tweede Wereldoorlog honderden Nederlandse Sinti en Roma werden vergast.

Yn 2006 waard hja foar har ynset ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau makke.
In 2006 werd ze voor haar inzet tot Ridder in de Orde van Oranje-Nassau benoemd.

Lalla Weiss is troud mei in etnysk Nederlânske man en wennet yn Best.
Lalla Weiss is getrouwd met een Nederlandse man en woont in Best.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: http://3voor12.vpro.nl/lokaal/den-haag/nieuws/2017/januari/Haagse-legende-Chuck-Deely-overleden-.html
Bronnen, noten en/of referenties

Chuck Deely, berne as Charles Edward Deely III (Detroit, 10 febrewaris 1954 - De Haach, 9 jannewaris 2017) wie in Haachske strjitmuzikant fan Amerikaansk komôf.
Chuck Deely, geboren als Charles Edward Deely III (Detroit, 10 februari 1954 - Den Haag, 9 januari 2017) was een Haagse straatmizikant van Amerikaanse afkomst.

Yn 1973 kaam Deely yn tsjinst fan it Amerikaanske leger en bedarre sa op in legerbasis yn Dútslân.
In 1973 kwam Deely in dienst van het Amerikaanse leger en belande zo op een legerbasis in Duitsland.

Dêr spile er in ferskate bands en kaam er yn'e kunde mei syn earste frou mei wa't er yn Kopenhagen troude.
Daar speelde hij in verschillende bands en maakte hij kennis met zijn eerste vrouw waarmee jij in Kopenhagen trouwde.

It houlik duorre fiif jier.
Het huwelijk duurde vijf jaar.

Deely moete letter in Nederlânske frou doe't er yn Spanje mei fakânsje wie en dêr ek optrede oan de Costa del Sol; sy krigen in ferhâlding en wennen byinoar.
Deely ontmoete later een Nederlanse vrouw toen hij in Spanje met vakantie was en daar ook optrad aan de Costa del Sol; ze kregen een verhouding en woonden samen.

Chuck krige lykwols swierricheden mei syn fisum en ferfear nei Nederlân.
Chuck kreeg echter probleme met zijn visum en verhuisde naar Nederland.

Syn freondinne soe oerkomme, mar dat barde nea.
Zijn vriendin zou overkomen, maar dat gebeurde nimmer.

Sûnt 1996 spile er yn it sintrum fan De Haach, sân dagen yn'e wike.
Sinds 1996 speelde hij in het centrum van Den Haag, zeven dagen in de week.

Meastal wie er te finen yn de Vlamingstrjitte, op it Sintraal Stasjon (moarns ier), of siet er tsjin de muorre fan de Albert Heijn yn de Grote Marktstraat. Simmerdeis gie er ek de terrassen by del.
Meestal was hij te vinden in de Vlamingstraat, op het Centraal Station ('s morgens vroeg), of stond hij tegen de muur van de Albert Heijn in de Grote Marktstraat. 's Zomers ging hij ook de terrassen langs.

Yn 2005 makke it NCRV-programma Man Bijt Hond in twadielich portret fan Chuck Deely en yn 2009 wûn Chuck Deely de Haachske Poppriis.
In 2005 maakte het NCRV-programma Man Bijt Hond een tweedelig portret van Chuck Deely en in 2009 won Chuck Deely de Haagse Poppriis.

Yn 2010 makke Ruben van Lingen, foar syn eineksamen oan de Willem de Kooning Akademy fan Rotterdam, de koarte dokumintêre "Privilege" oer it libben fan Chuck Deely.
In 2010 maakte Ruben van Lingen, voor zijn eindexamen aan de Willem de Kooning Academie te Rotterdam, de korte documentaire "Privilege" over het leven van Chuck Deely.

Dy film waard toand op it 'Nederlands Filmfestival' 2010 yn Utert en op it 'Shoot Me Film Festival' 2010 yn De Haach.
Die film werd getoond op het 'Nederlands Filmfestival' 2010 in Utrecht en op het 'Shoot Me Film Festival' 2010 in Den Haag.

Deely spile ek ferskate kearen mei it Residinsje Orkest, bygelyks in strjitkonsert yn 2012, om him wat ekstra jild ta te krijen.
Deely speelde ook verschillende keren met het Residentie Orkest, bijvoorbeeld een straatconcert in 2012, om hem wat extra geld te bezorgen.

It orkest naam ek in cd mei him op.
Het orkest nam ook een cd met hem op.

Chuck Deely spile op gitaar en hie in rauwe, roastige stim, dy't jin tinken die oan it lûd fan Bob Dylan en Neil Young.
Chuck Deely speelde op gitaar en had en rauwe, roestige stem, die deed denken aan het geluid van Bob Dylan en Neil Young.

Hy wiksele covers fan ûnder oaren de The Rolling Stones en Crosby, Stills, Nash & Young ôf mei eigen wurk.
Hij wisselde covers van onder andere de The Rolling Stones en Crosby, Stills, Nash & Young af met eigen werk.

Chuck Deely stoar yn de âldens fan 62 jier yn it Haachske sikehûs MCH Westeinde, dêr't er in moanne earder fanwege gryp opnaam wie.
Chuck Deely stierf op de leeftijd van 62 jaar in het Haagse ziekenhuis MCH Westeinde, alwaar hij een maand eerder wegens griep opgenomen werd.

De gemeente De Haach fersoarge syn begraffenis.
De gemeente Den Haag verzorgt zijn begrafenis.

Chuckdeely.nl (deade link) Earbetoan by Omrop West Diskografy op Discogs
Chuckdeely.nl (dode link) Eerbetoon bij Omroep West Discografie op Discogs

Libben en karriêre
Leven en carrière

Jonkheid en oplieding
Jeugd en opleiding

Karriêre
carrière

Filmografy
Filmografie

Boarnen, noaten en/as referinsjes: ↑ List resinte ferstjerrensberjochten út 'e Folkskrante ↑ Friese documentairemaker Marijke Jongbloed overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 23 augustus 2016 Website Marijke Jongbloed Oer Marijke Jongbloed
Bronnen, noten en/of referenties

(ned) Offisjele webside fan Marijke Jongbloed
(nl) OOfficiële website van Marijke Jongbloed

Marijke Jongbloed (Ljouwert, 19 oktober 1956 – Amsterdam, 18 augustus 2016)[1] wie in Nederlânsk dokumintêremakster fan Frysk komôf.
Marijke Jongbloed (Ljouwert, 19 oktober 1956 – Amsterdam, 18 augustus 2016)[1] is een Nederlands dokumentairemaker en schrijver van Friese komaf.

Har measte films hiene op 'e iene of oare manear te krijen mei keunst en dûns.
Haar meeste films hebben te maken met kunst en dans.

Jongbloed waard benammen bekend troch har dokumintêres Alle Dagen Snein, oer de Fryske keunstskilder Ruurd Wiersma, en Stap voor Stap, oer eksessen yn 'e balletwrâld, dy't yn 1980 de Nederlânske ynstjoering foar de Oscars wie.
Jongbloed werd vooral bekend door haar dokumentaires Alle Dagen Snein, over de Friese kunstschilder Ruurd Wiersma, en Stap voor Stap, over excessen in de balletwereld. Deze film werd in 1980 de Nederlandse documentaire-inzending voor de Oscars.

Marijke Jongboed waard yn 1956 berne yn Ljouwert, as neikommerke yn in húshâlding mei fiif bern.
Marijke Jongboed is in 1956 geboren in Ljouwert.

It gesin ferhuze nei Hallum doe’t har heit dêr haad fan de kristlike legere skoalle waard.
Op haar dertiende begon ze met fotografie.

Op har trettjinde begûn se mei fotografy te pielen, en nei har eineksamen oan it Lienward College gie se nei Grinslân ta, dêr't se twa jier by in yndustrieel fotograaf wurke yn Hoogezand.
Haar loopbaan startte ze als industrieel fotograaf.

Har heit wie der poer op tsjin doe’t se yn 1976 in talittingseksamen die by de Nederlânske Film en Telefyzje-akademy yn Amsterdam. Mei tastimming en finansjele stipe fan har mem sette se lykwols troch.
In 1976 begon ze op de Nederlandse Film en Televisie-academie in Amsterdam.

By de fertoaning fan har ekssamenfilm Stap voor Stap, yn 1980 yn teäter Kriterion yn Amsterdam, krige se in steande ovaasje, mar har heit bleau sitten. Nei felisitaasjes fan direkteur Anton Koolhaas wie syn iennichste kommentaar: "Dit wie blykber wat se woe." Hy ferskynde ek net op 'e diploma-útrikking letter dy middei.
Haar examenfilm Stap voor Stap, waarin ze vijf jonge balletdansers volgde, kreeg een staande ovatie, in 1980 in theater Kriterion in Amsterdam.

Nei't se yn 'e jierren tachtich noch ferskate oare dokumintêres makke hie, lykas Vriendinnen (1985), Drempelvrees (1988) en Hoe Praag in Beweging Kwam (1989), folge Jongbloed yn 1989 in tal workshops yn 'e Feriene Steaten. Yn 1989 wûn se de senariopriis op it Ynternasjonale Dokumintêrefestival fan Amsterdam (IDFA) mei de dokumintêre Art Merry-go-round, oer de keunstwrâld yn New York. Oare bekende films fan Jongbloed wiene û.o.: de rige Fatal Reaction en de dûnstrilogy Beyond Reason, Smile & Wave en Dans voor het Leven (Living the Dance), dy't basearre wie op har twa eardere films Stap voor Stap en De Volgende Stap.
In 1989 won Jongbloed de scenariopriis op het Internationale Documentairefestival van Amsterdam (IDFA) met de documentaire Art Merry-go-round over de kunstwereld in New York.

Films fan Jongbloed waarden útbrocht foar de bioskoop, ear't de almeast ferkoarte ferzje op 'e tillefyzje útstjoerd waard.
Films van Jongbloed werden verkort op televisie en in volle lengte in de bioscoop vertoond.